Ouderen vakantie juni 2015
Fyftjen juny, in dei om nea te ferjitten,
doe hawwe wy Stiens efkes ferlitten.
Dy, “wy” binne a. âld en bryk,
plus b. begelieders, jong en kwyk.
Dêr giene wy mei op in paad,
se fleagen har foar ús út ‘e naad.
Wy rieden op nei Gaasterlân,
in prachtich stikje heitelân.
“De Bekedamster” wie foar ús
dizze dagen, in noflik thús.
In hotel mei wol 4 stjerren,
fan alles wie dêr te krijen.
De “Obers” rûnen ôf en oan,
wy binne ferskriklik bedoarn.
Tine wie ús geweldige gids,
se brocht ús nei de “Bremerwildernis”.
Wy picknickten yn `e bosk,
ús psalmen stiigden heech nei de loft.
It fielde wol sa bysûnder,
en `t waar, it wie in wûnder!
Wat hawwe wy wat besjoen
fan moarns ôf, oan `t de jûn.
In barbecue op è leste jûn,
doe wie it feest hast ôfrûn.
Noch ienkear oanstekke ûnderweis,
dat wie it lêste fan ús fakânsjereis.
Tine, Froukje, Janny, Sita, Aukje en Klaas,
tige tank!!!!
Ut namme fan de rollatoraars.
Voor foto's: zie onder fotogalerij