Nieuws
‘Wurden fan de Berch’ snein 28 april yn De Hege Stins om 10.30 ûre. (PIT dienst)
18-04-2013 21:32
Boppeneamd sjongprojekt sil útfierd wurde troch minsken út ús eigen mienskip mei help fan in tal leden fan it Kwartettenkoar fan Hindrik van der Meer.
It stik befettet lieten en teksten mei de wurden fan God en Jezus, útsprutsen op de berch Hoareb yn ‘e woastyn en yn de saneamde berchrede fan Jezus. It liet: ‘God fan fier en hein, ús heit’ komt út dit projekt.


De projekten fan Hindrik van der Meer (musyk) en Eppie Dam (teksten) binne bedoelt foar tsjerketsjinsten. It is in folsleine liturgy mei lêzingen, lieten en biddend sjongen. In foargonger is net nedich, alles wurdt “dien” troch de groep .
Foar ús projekt hat Ridzert Beetstra de muzikale lieding. Der komt in kombo mei ferskate ynstruminten en in sjonggroep dêr’t alle fjouwer stimmen yn fertsjintwurdige binne.
In tal nûmers sil troch de sjonggroep dien wurde. De dreechsten wurde troch leden fan it Kwartettenkoar útfierd. De gemeente kin by in pear lieten mei sjonge.

Eltsenien krijt in boekje mei de teksten en lieten fan dit project.
Kofje drinke kin foar de tsjinst, dy begjint om 10.30 ûre.
Hertlik wolkom!
Alle nieuwsberichten bekijken
Alle nieuwsberichten downloaden als RSS